Freedtejûn 15 july. It is rêstich waar en de sinne skynt. In moaie rêstige simmerjûn. Mar oan it Waltsje is it in drokte fan komsa. Sipke de Vries organisearre foar de bern in fiskwedstryd. Ferline jier reinde it dat it spielde en wie it ien grut wetterballet. No wiene de omstannichheden ideaal. Om sân oere presys jout Sipke troch de megafoan it startsein. Wa’t de measte sentimeters fisk yn totaal fangt dy is winner. De prizen binne beskikber steld troch Sjouke en Sippie Wijnsma fan Alles ûnder ien dak. De bern (de ien al wat mear as de oare) lizze der plat foar. In protte heiten helpe mei om de bôle of de maitsen oan de heak te dwaan. Of om de fongen fisk wer fan de heak te heljen. “Heit duorret it noch lang?”, sa klinkt al nei 10 minuten de earste fraach fan in fiskerke oan heit dy’t de angel fêsthâld. “Wit ik net”, seit heit. “Wy moatte geduld hawwe”. Sa no en dan giet der in gjalp oer it Waltsje. “Jaaahh hjirre!” Dan wurdt der ien fongen. It binne dizze jûn gjin grauwe fisken, in protte lytskes wurde fongen. Mar it giet om it totaal oantal sentimeters. Der is ek efkes tiid foar in lytse pauze, der wurde ranje en sjips útdield.

De winners dizze jûn binne:

1. Albert van der Woude mei 63 sentimeter

2. Fokke Sjoerd mei 46 sentimeter

3. Johannes de Vries mei 36,5 sentimeter

4. Jakob Zijlstra 15 sentimeter

5. Nanique Stienstra mei 12 sentimeter

Winners jeugd o/m 14 jier

1. Wichard Benedictus mei 31 sentimeter

2. Piet Hogendorp mei 30,5 sentimeter

3. Sietske Bijlsma mei 19,5 sentimeter 

Klik hier voor een fotoreportage

0b34d6ff 96bc 42f0 84e9 e36ba0ec84d3

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe