Eastermar is dizze trije dagen wer ien grut doarpsfeest.
Flaggen en feestflachjes kinne wer wapperje. De sinne kin wer skine. It bier kin wer streame. It muzikale talint fan ús doarp kin tongersdeitejûn wer sjonge en spylje. De hynders hawwe sneon wer in plakje op it Breed . De buerten kinne de spultsjestriid wer oangean op freedtemiddei. De âlderein sil wer op 'e kofje by Teake van der Meer,  ensfh, ensfh. En fansels is de merke al wer los oan de ein fan de E.M. Beimastrjitte. It folsleine programma stiet hjir.

Wy winskje de feest-, diskemerk-, feemerk- en spultsjekommisje in hiele protte sukses ta! En alle Eastermarders, âld-Eastermarders en oare kunde in hiel noflik feest.

Fansels sil de webredaksje ek dit jier har bêst dwaan om aardige foto's fan alle aktiviteiten te meitsjen. Alle fotoferslaggen binne fia hjirre te besjen!

doarpsomropper

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe