It like der earst net sa bot op, want it tal oanmeldingen fia telefoan en e-post hâlde net oer, mar saterdeitemiddei 11 juny wienen der dochs noch 25 dielnimmers by it fuotbalkoaitoernoai oan it Harstepaad. Dizze jonges (famkes melden har net oan) koenen har fuotbalfeardigens op trije ûnderdielen teste: Heechhâlde, Latsjetûk en Panenka.

By ’t heechhâlden moat de bal sa faak mooglik mei fuotten, knibbels, boarst, holle of oar lichemsdiel (behalve fansels earms/hannen) spile en fan ‘e grûn hâlden wurde. Latsjetûk hâldt yn dat de bal fan ‘e middenline fan ‘e koai ôf op ‘e latte fan ‘e goal sketten wurde moat. Dat mocht 3 kear besocht wurde. In skoare by de panenka wurdt berikt as de bal - ek wer fan ‘e middenline ôf - mei in boochje op it flak tusken de doelline, de achterkant fan ‘e goal en de beide sydkanten stuitet. Ek hjir 3 pogingen. Der waard yn twa leeftydsgroepen – basiskoallebern oant 13 jier en fuortset ûnderwiis oant 19 jier – omraak striden om de troch de sponsorkommisje fan V.V.Eastermar beskikber stelde prizen. De lieding wie yn goede hannen by de jonges fan ‘e Behearsgroep Fuotbalkoai. Dy toernoaiorganisaasje koe nei in lyts oere fuotbalwille de folgjende priiswinners bekend meitsje:

Heechhâlde

oant 13 jaar - earste priis Jacob Zeilstra (22x); - twadde priis Johannes de Vries (14x)

13 o/m 18 jier - earste priis Johannes Couperus (249x); - twadde priis Sijtze Nijboer (178x).

Latsjetûk

oant 13 jier - earste priis Johannes de Vries (2x); - twadde priis Jacob Zeilstra (1x, wint yn ekstra ronde)

13 o/m 18 jier - earste priis Tristan Lahuis (2x); - twadde priis Jurre Dam (1x, wint yn ekstra ronde).

Panenka

oant 13 jier - earste priis Johannes de Vries (2x); - twadde priis Jacob Zeilstra (1x, wint yn ekstra ronde)

13 o/m 18 jier - earste priis Johannes Couperus (2x); - twadde priis Sijtze Nijboer (1x, wint yn ekstra ronde).

Sa meie de earstepriiswinners har dus no de Eastermarder Kampioenen Heechhâlde, Latsjetûk en Panenka neame. Lokwinske mannen!

Ut namme fan ‘e Behearsgroep Fuotbalkoai, Wijbe Postma

 football 157931 960 720

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe