Nei alle gedachten sille der hiel wat Eastermarders bekomme moatte fan de earste dei fan it Eastermarder doarpsfeest.

Want wat in jûn hawwe wy achter de rêch! Fansels, eltsenien is wol op 'e hichte fan it feit dat der in soad stjerren yn Eastermar wenje, mar om dêr fan in grut part in ien jûn op ien podium te sjen en te hearren, dat is in oar ferhaal. Wat in talint, wat in muzyk. De grûn ûnder de Komerk trille der oer. Dat der gjin passanteboaten losslein binne, dizze jûn, dat mei in wûnder hjitte...

Wy kinne dêrom mar ien konklûzje meitsje. Oare jier hoege der gjin djoere bands mear del te kommen. Eastermar kin mei gemak trije jûnen folje mei talint en stjerren út eigen doarp. Tegearre mei topband Lechery wie de start fan it doarpsfeest it in super kombinaasje mei in geweldige sfear en fol muzikale hichtepunten. 

Bekomme is lykwols net oin opsje, want dit wie noch mar de earste dei fan it doarpsfeest 2014.

Fotoferslach fan Rienk Vlieger

eastermarder-muzykjun

 

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe