Op sneon 6 septimber hat in ploech Eastermarders foar de 13e kear te silen west op 'e Hegemer Mar en de Fluezen, mei oare wurden: it silersbarren hat wer plakfûn. Yn dy 13 jier hawwe al hiel wat Eastermarders de kâns waarnommen om ris yn 'e kunde te komen mei it silen, oar farwetter as de Burgumer Mar en oare Eastermarders. En tsja, wa wol foar in pear sinten no net ris in dei moai fuort yn eigen provinsje? Guon hawwe ien of in pear kear mei west, oaren wienen alle jierren de earsten dy't har oanmelden. It silersbarren is in typysk foarbyld fan wat minsken yn in mienskip foarinoar betsjutte kinne. Kunde en (yn dit gefal syl-)ûnderfining út eigen doarp wurdt ynset om der mei-inoar in moaie dei fan te meitsjen.

Spitigernôch wienen de berjochten net optimaal, fral wat it tekoart oan wyn oanbelange. It doel wie dêrom net al te ambisjeus: fan Heech nei it terras op 'e Gaastmar. Likernôch 20 man setten yn 5 polyvalken ôf. De mar wie ien grutte blakte. Yn in moedich besykjen hat mar ien skip (mei skipper Willem van der Gang) silendewei de Gaastmar helle. De oaren hienen ûnderweis it bûtenboardmotorke oanslingere.

Mar de wiere sillers sieten ûnder de treflike lunch by d'Ald Herberch al nei de beamtoppen te sjen. Der kaam wat wyn, dat al rillegau waard der risselwaasje makke om it wer te besykjen. De silerswille duorre oardeloere. Doe wie it wer dien. Sels de lichte sylboatsjes dêr't mei wedstrydsyld waard by it boppeste eilân kamen hast net fan it plak.
Der foelen wylst in pear druppen wetter mar lang net wat buienradar yn gedachten hie. Dat wie dan wer in tafallerke.

Lang net útwaaid mar wol optein, roazich en wat wibbelich yn 'e holle (fan it skommeljen fan 'e boat óf fan de BB) wie de hiele ploech om in oere as fiif wer teplak op Heech. Dêr krigen de silers dochs wol dreech nijs te ferwurkjen. Want it die bliken dat Oebele, Wopke en Froukje ôfskied namen as organisaasje fan it Silersbarren. Oebele seach yn in praatsje noch even werom op al dy kearen dat it barren plakfûn hat. De earste kearen noch op 'e Burgumer Mar, doe by Terherne mei UFO's fan Sjerp de Vries, dêrnei mei orizjinele houten tjotters fan de sylskoalle fan Heech en de lêste jierren altyd mei de Polyvalken fan Van der Pol. Mar goed nijs wie der ek. De Wettersportferiening hat oankundige dat dy tenei de organisaasje fan it Silerbarren oernimme sil. Miskien yn in wat oare foarm, mar de lange tradysje sil trochgean. Applaus foar Wopke, Froukje en Oebele dy't alle jierren foar kundige skippers, geskikte boaten, in terras mei goed iten, flotte servearsters en oer it generaal foar poerbêst silerswaar soarge hienen. Nochris tige tank!

De blakte op 'e Fluezen

Blakte op it wetter fan de Fluezen (foto Fokje de Vries)

Oankomst op 'e Gaastmar
Gesellige drokte op 'e Gaastmar

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe