It optreden fan Breed Freed dat foar 23 maart yn Meerzigt programmearre wie, moast spitigernôch skrast wurde fanwege de sykte en it jammerlik ferstjerren fan dichter-saksofoanist Tsjêbbe Hettinga.
Mar, fertelde gastfrou Ada Roelants yn har wolkomstwurd, wy mochten net tinke dat de closeharmonygroep Sânman & Sikke dêrom ‘tweede keus’ wêze soe! It massaal opkommen publyk – teater Meerzigt wie folslein útferkocht – wie it dêr, sjoen de reaksjes neitiid, alhielendal mei iens.

De sân sjongers, yn in pear nûmers muzikaal bystien troch Frederike Kleefstra, pakten it publyk al nei it earste nûmer hielendal yn. Dat gie sûnder problemen mei yn de geastige en boartlike presintaasje fan it fantastysk repertoire dat fral bestie út covers fan oansprekkende groepen mei in grut ferskaat yn styl: fan barbersong oant ballad. Mei de eagen ticht wie de klankkleur fan Sânman & Sikke suver net te ûnderskieden fan dy fan Crosby, Stills, Nash & Young, America of The Beatles. De mannen gienen sels in gospel fan de ferneamde Sam Cooke net út ‘e wei! Fral de útfiering fan Whiskey-widzesang, in eigen Fryske oersetting fan Siebren Kramer fan Whiskey Lullaby (Brad Paisley & Allison Krauss) wie hertferskuorrende moai. Spitich dat Egbert Krikken, de suver ûnmisbere gitarist-sjonger, syn fertrek oankundige hat.

Ek it kabareteske sjenre krige syn gerak: yn in maatskippijkritysk liet waard it publyk gewaar wa’t achter de namme Sikke skûlet: de manager. Eksponint fan de gryp- en graaikultuer dy’t hjoeddedei hearsket ûnder ‘dat folk’.

Moai om te fernimmen dat de bekendheid fan Teater Meerzigt hieltyd grutter wurdt. Wienen it fiif jier lyn benammen Eastermarders, sjoch no net frjemd op as der in Meppeler njonken dy sit!

foto

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe