Dixie Doodle op dreef

Dixie, in gebiet yn it suden fan de Feriene Steaten, is troch syn grut ferskaat oan folken en kultueren it berteplak fan muzyksoarten as blues, jazz, country, cajun en bluegrass.

Foar in grôtfol Theater Meerzigt liet Dixie Doodle mei oansteklik entûsjasme hearre dat dy muzyk tiidleas is. Fantastysk hoe't de bandleden in klassiker as Long May You Run fan Neil Young útfierden, Tried So Hard fan Gene Cark hearre lieten, mar ek prachtige Fryske oersettingen en in troch multy-ynstrumintalist Skelte Heeringa makke amusante tekst oer Sytske, troud mei in oergeunstige Kompenijster autosloper, dy't kiest foar in mienskiplike dea mei skoalmaster Geart yn de Kompenijsterfeart. Ek de ynstrumintale nûmers foelen der wakker yn: in froulike fan hie út har besteklaad twa leppels meinommende om har eigen ritmyk ta te foegjen…

Dixie Doodle, dat yn wikseljende gearstalling optreedt, bestie dizze jûn út frontman Wyger Smits, sang en gitaar; Wander van Duin, kontrabas en sang; Skelte Heeringa, fioele, sang, mar ek foar tinwhistle en mandoline draaide er de hân net om; en Johanna Hamstra, dy't feardich de foar it sjenry suver ûnmisbere banjo bespile.

Nei ôfrin waard it feest noch eefkes fuortset. In part fan de band pakte de ynstruminten nochris út en der waard mei ynmoed dûnse en songen In prachtjûn!

DSC00747

DSC00760

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe