(Troch Simon Bosma)

De waarminsken hiene yn it foarút gjin bêste berjochten. Buien mei kâns op tonger, hagel en wynstjitten. Net it waar dat jo mei it Easterbarren brûke kinne. It bleau net droech, mar it koe hiel wat minder.
Op 13 poadia koe elk genietsje fan sang, dûns, muzyk, kabaret, toaniel, keunst en noch folle mear. De minsken wiene dan ek manmachtich nei ús doarp ôfreizige, al like it oft it wol wat minder wiene as foargeande jierren.
It wie de eare oan de Fjouwer Trûbadoers om it Easterbarren 2012 te iepenjen. Gurbe Douwstra, Piter Wilkens, Jaap Louwes en Doede Veeman. Dêrnei gie it los. Elk koe kieze út 13 poadia.
Bysûnder wiene dit jier de plysjehûnen. Hja lieten op de Komerk mei har bazen sjen wat hja allegear koene. Boeven pakke, foarwerpen en minsken bewake en speure. Lokkich hie de ‘boef’ saterdei in beskermjend bytpak oan. In yndrukwekkende prestaasje.

barren12-2

Moai wie ek de demonstraasje fan it ‘Doggy-dancing' troch Grietje Wagenaar.
Fierders wiene der optredens fan Gerbrich van Dekken, GeDoBr, Challenger, Dixie Doodle, Koardinaasje, Sa en Oaren en Twirre. Ekposysjes wiene der ek. Fan skilderijen en glês yn lead. Us eigen skûtjse 'It doarp Eastermar' gie mei shantykoaren en harkers de Mar op.
Der koe ek mei folle lytsere boaten fard wurde. Prachtige modelboaten yn in grutte bak mei wetter. It is eins te folle om op te neamen.

Oan 'e ein fan de dei soe Lechery op It Breed it Barren ôfslute. Mar doe kaam der in bak wetter nei ûnderen en waaide it hurd. Lechery moast spitigernôch syn optreden ôfbrekke. Op nei de edysje fan takom jier!

Sjoch nei de fotoferslaggen fan:

 

 

Fideobylden makke troch Nynke de Jong

 

 

barren12-3

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe