De fêste dielnimmers sieten al foar twaën klear en koene hast net wachtsje op wat foar guon minsken it hichtepunt fan it doarpsfeest is: de wedstriid sigaarsmoken. Eastermar is ien fan de lêste doarpen wêr't dizze tradysje alle jierren op it program stiet, ek al hinget it buordsje 'ferbean te smoken' oeral yn de feesttinte.

Sjuerylid Wijbe Postma wie ferhindere mar hie in prima ferfanger fûn yn Wim Stougie, dy't de taak fan it sigaarstompmjitten och sa serieus naam. En dat wie dit jier in wichtige saak die bliken, want der wiene meardere dielnimmers mei in gelikense útslach.

Op in dielde earste plakje mei in sigarestomp fan 4.4 sentimeter wiene dat Sipke Hoekstra en Oane Hoekstra. Twadde wie de winner fan in eardere sigaarsmokerij: Gepke Hoekstra mei 4,5 sm. It tredde plak moast ek wer dield wurde troch Martijn de Jong en Age Nicolai mei 4.9 sm.
Konklúzje fan dizze edysje: jo kinne mar better Hoekstra hjitte want dan ha jo blykber in milimeterstreekje foar...

martijn-hoekstra
Martijn de Jong, tredde plak

Mear bylden

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe