Spektakel op ‘e Mar

Fan dy knoop yn ’t liif – kin ‘t-no-wol-of-net-trochgean – hie de organisaasje fan it ‘Skûtsjesilen yn ‘e Wâlden’ lêst oant freedtemoarn doe’t de offisjele ferlossing kaam: it giet oan!

Saterdei 23 juny starten om 10.30 oere hinne 17 skûtsjes, 7 grutte en 10 lytse, by wynkrêft 5-6. Der wie troch de IFKS-wedstriidlieding in ‘Olympyske’ baan útset, in feit dat by it eardere palaver yn hotel Meerzigt besprutsen wie. Ferskeidene bemanningsleden koenen goed trochfuorre oan ‘e slach nei it tige slagge ‘dorpsontbijt’ op it Breed.

ssyew1

De wedstriid waard mear in gefjocht tsjin ‘e eleminten wyn en wetter as tsjin mekoar. Twa skippen moasten belies jaan: Freddy v.d. Heide gie mei ‘De drie gebroeders’ om en by Koos van Drunen fan de ‘Hoop doet leven’ knapte de mêst en rekke letter de kraanline yn ‘e skroef.

By de grutte skûtsjes wie de winner fan dit ‘survivalsilen’ Klaas Kuperus mei ‘De zes gebroeders’ (Makkum); by de lytsere wûn Rinze Herrema fan Earnewâld mei de ‘Engelina Smeltekop’. Us pleatslike favoryt Geale Tadema mei ‘it doarp Eastermar’ einige op it fyfde plak. Om’t de wyn de middeis oanhelle nei krêft 7 moast spitigernôch de twadde wedstriid ôfblaasd wurde.

Age Veldboom die op RTV-kanaal 30 live ferslach fan de silerij; de donateurs fan ‘e St. ‘It Eastermarder skûtsje’ krigen oan board fan de ‘Gaasterland’ saakkundige ynformaasje fan Oebele Brouwer. En… op it swimplak foarseach Michel van Holsteijn de oanwêzige taskôgers fan kommentaar.

Neitiid waarden op it Breed troch wethâlder Fokkema de prizen útrikt en mei dj Eppie Kooistra bleau it dêr noch in hiel skoft in gesellige drokte.

De skûtsjesilerij fan sneon 23 juny smiet prachtige bylden op.

Klik hjir foar de reportaazje fan:

Ferwizingen:
Ferslach fan LC
Kanaal 30
Omrop Fryslân
- Waldnet
- Skutsje.nl

- Omrop Fryslân Televyzje

 

ABA 4975

ssyew2

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe