Wat sille de Eastermarders tocht ha:

- Op snein wurde der fêst gjin beammen metten, dat is mear wat foar  in moandei.
- De linebeammen fan it Wâltsje kappe? Dat is krekt as de Eiffeltoer út Parys fuorthelje fanwege 'metaalmoeheid. Dat kin net oars as in grap wêze'.
Of miskien gewoan: Nei tsjerketiid fluch nei ’t Waltsje. O wacht, it reint... Wy tekenje moarn wol.

Feit is dat der by it mjitmomint net in hiel soad minsken deroer ynsieten dat it searieus wie. Lokkich mar! It prachtige byld fan dy skeane beammen lâns it wetter bliuwt gewoan bestean.

It berjocht hat de ôfrûne wike in protte reaksjes opsmiten. Net allinne op Twitter reinde it linebeammetweets mar ek it Frysk Deiblêd stie al klear en belle de gemeente oer hoe't dit no kin en de sjoernalist wie drok op 'e siik nei de man/frou dy't as earste protest oantekene en sels in mjitaksje op tou sette. Heymen Jansen van Meerzigt krige ek in protte ynspiraasje en skreau dizze emosjonele oprop.

De 1 aprilgrap is ûntstien út in hiel aardige gearwurking tusken de redaksjes fan de BREEDút en eastermar.nl.

Artikel Fries Dagblad

mjitterij

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe