Wat in drokte op 'e Beimastrjitte. Parkearoerlêst en rûnom groepkes keuveljende froulju. Wat bart der no wer yn Eastermar? Wy rinne it hiem op fan nr. 50. It liket wol in sêne út Midsomer Murders, mar dan sûnder lyk. Moai oanklaaide froulju yn Ingelske sfearen oerhearskje it tafriel. Tafels mei in grut ferskaat oan snypsnaren, beskildere diggelguod, glinsterjende sieraden, sjike shawls en holledoekjes,  hearlik gebak en taart, swiete jam, quiltersguod, poppen en tassen, houten meubels, nifelwurk, it hâldt net op. Nijsgjirrige froulju besjogge, betaaste en beknipe de spullen dy't oanbean wurde. De keapfroulju efter de tafels ferjitte de oeren dy't sy yn har business stutsen hawwe no't beurzen út de taskes komme en der flink hannel dien wurdt. Oeral binne sitsjes om te bekommen en om tee te drinken mei de pink omheech. De pear oanwêzige manlju stoarje foar har út of tomkedraaie ûnrêstich. Dit is net har plak. Hjir dominearret de frou, dit is har domyn. Hjir kin eltsenien dy't fan nifelje, iten siede en oanklaaiing hâldt it hert ophelje.

De wat better ynformearre lêzer wyt al lang wêr't dit stikje oer giet. Wy binne op de 'skuorrefair' bedarre, in inisjatyf fan it Quitershûske. Mar leafst 12 standhâlders binne fertsjintwurdige. En sjoen nei de drokte is der ferlet fan sa' n barren want lang net alle besikers komme út Eastemar. Nee, út hiel Fryslân wei liket it wol. Eastermar libbet, brûst, ek sûnder hynstespektakel.

_MG_6989-02

_MG_6993-01

_MG_7000-01

_MG_7018-01

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe