Mei in ferskil fan ien millimeter hat Gepke Hoekstra in suksesfolle oanfal op it mannebolwurk sigaarsmoken dien. Hja hâlde de winner fan ferline jier, Sipke Hoekstra én Roelof Faber – ek al in priiswinner yn eardere edysjes – achter har. De oare dielnimmende froulju huldigen by de priisútrikking har seksegenoat mei de gjalp: “Girrrrrrlll powerrrrr.” 

De dielname oan dizze tradisjonele wedstriid yn ‘e doarpsfeesttinte wie saterdeitemiddei wer oerweldigjend. Om’t der mar fyftich sigaren beskikber wienen, moast der ek dit jier wer in groepke (te) lette oanmelders teloarsteld wurde.
De feestkommisje hie besletten om de wedstriid nei in heger plan te tillen en liet dêrom de konfrontaasje tusken de dampende dielnimmers op it grutte poadium plakfine. In goede set want sa hie it publyk goed sicht op de titanestriid.

Net allinnich Eastermarders fochten mei mekoar om de heechste eare. Lykas oare jierren wienen der no ek wer dielnimmers fan bûten ús doarp wêrby’t de Kamminga’s fan Twizelerheide mei fjouwer persoanen sterk fertsjintwurdige wienen en mar tapaften.
Wapene mei skomaat en administraasjemateriaal moasten sjueryleden Toop v.d. Velde en Wijbe Postma har wei fine troch de ‘wolken van genot’. By it bepalen fan ‘e folchoarder fan priiswinners die him de sitewaasje foar dat Sipke Hoekstra en Roelof Faber in peukje oer hienen mei eksakt deselde lingte: 18 millimeter. Nei oerlis mei de sjuery die Sipke in sportive stap tebek troch te melden dat de beker foar de tredde priis him like dierber wêze soe as dy foar de twadde.

Sadwaande koe de sjuery nei rom oardel oere de útslach bekend meitsje:
1. Gepke Hoekstra (17 millimeter);
2. Roelof Faber (18 millimeter);
3. Sipke Hoekstra (18 millimeter).

_DSC5367

Klik hier voor de foto's

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe