Op saterdei 16 april hat in ploech fan sa’n 40 pylgers tusken 12.15 en 13.00
oere ús doarp oandien. Hja kamen fan ‘e Rottefalle dêr’t hja yn ‘e Fermanje
útkonfoaid waarden (heenzending ontvingen). It eindoel wie de Krústsjerke yn
Burgum dêr’t as slotaktiviteit in fesper hâlden wurde soe.

De kuier troch ús gea wie opset troch ‘Pelgrimaazje Burgum’ dy’t yn it
ferline al mear tochten organisearre hat. Wat begûn mei in lyts rûntsje om
de Burgumer Krússtjerke hinne, groeide yn ‘e ôfrûne jierren út ta
pelgrimaazjes fanút û.o. Dokkum, Gytsjerk, Stynsgea (Bouwekleaster) en
Smelle Ie.

Diskear rûnen de dielnimmende pylgers fia de Mûntsegroppe en de Seadwei nei
Fokke – ‘Yn ‘e Lânsdouwe’ – Benedictus om dêr in bakje kofje te drinken en
útlis fan Fokke te krijen oer agrarysk natoerbehear. Doe oer Boskwei,
Grienewei, Spoekeloantsje, Lange Geastloane, Heechsân, Boerestreek, Seadwei
en Grutte Hoarnst nei de loads fan Boubedriuw Swart. Ornaris wurde
tsjerkegebouwen brûkt as pleisterplak, mar it slagge de organisaasje
spitigernôch net om dat yn Eastermar klear te krijen. Siep Swart hat doe de
sprekwurdlike Eastermarder gastfrijens stal jûn, sadat de dielnimmers dêre
in bakje snert en it  middeisbrochje ite koenen. By dit rêstmomint fertelde
Wijbe Postma de pylgers wat oer Eastermar, de omkriten, de skiednis, oer
doarpssaken en doarpsgenoaten fan doe en no.

De groep pylgers ferfolge kuierjend de tocht fia Hoarnstwei, Middelwei en
Achterwei nei it swimplak. Dêr lei in pream klear dy’t de ploech de Mar
oerfear nei de sintrale. Dêrwei waard fierder kuiere rjochting Burgum.
Neifraach by de organisaasje learde dat ek de twadde helte fan ‘e tocht
wakker slagge is.

pylgers_005

pylgers_003

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe