Ein 2021 begun in groep minsken ut Burgum in fysje te meitsjen foar hoe Burgum der ùt komt te sjen yn 2040. Der is in webside foar yn de loft www.burgum2040.nl.
Undertusken binnen der tsien spearpunten opstelt. Dy stean op de webside. Ien der fan is wenningen foar starters en der bin ik sels by belutsen. It docht blyken dat gemeenten en wenningbouferienings net it probleem oplosse kinne. Faaks wurde de plannen ùt handen jûn oan projectûwiklerders en dermei de wenning net te beteljen.
De wurkgroep wenningbou foar starters wol op in kreatieve manier dit al mooglik meitsje. Om in byld te krijien hoe grut dit probleem is, is der in enquête makke. Dizze kin noch hieltiid ynfult wurde. https://www.burgum2040.nl/starters
Inkele Eastermarders ha de enquete ek ynfult. Want starters wenningen kinne ek bestimt wurde foar de jeugd fan 18 – 30 jier ùt de omlizzende doarpen. As âld Eastermarder woi ik de jeugd ut Eastermar hjir ek in meidwaan litte. De kans dat dy wenningen realiseare wurde hinget gear mei de paritcipaasje fan de jeugd sels. Wy dogge it net foar har mar mei har.
Op 15 februaris, tiidens it iepen podium fan de gemeenterie, geane wy hjiroer in saneamd burgurintiatief ynstjinjen. Der moat safolle mooglik jeugd ut de doelgroep by komme. Derom myn oprop in de doarpskrante fan Eastermar en webside: net stinne mar hinne.
Auke Postma (âld Eastermarder)
Doarpsside Eastermar.nl pleatst 'cookies' foar in optimale wurking en it byhâlden fan de statistiken. Graach jo akkoart!