Wa 't ferlegen sit om blommevazen en sok soarte fan guod moat der gau by wêze, want it Maarteblomke sil mei de boufakfakânsje ticht. Oant dy tiid jout Ruurdtsje in koarting fan mar leafst 50% (net op snijblommen).
Mar hoe komt it no fierder?
Buorwinkel de Greideroas hat it pân oernommen en sil ûnder de namme Greideroas fierder 'buorkje' op nûmer 30. Jeltine is fan doel om ek yn snijblommen te begjinnen. De famylje Wilkens sil mei âld en nij oer, mar troch in ferbouwing kin de winkel betiid yn 't foarjier pas wer iepen. De Eastermarders sille dus even sûnder harren adreske foar blommen troch de tiid komme moatte.
It teeterras fan de Greideroas komt oare jier mei de ferhuzerij te ferfallen en dat is wol spitich foar it doarp. Yn dizze moannen is Eastermar mei nammen ûnder fytsers och-sa populêr fanwege de ferskate kar oan terraskes. Mei it nije terras fan Bakker Wijnsma der by komt de teller fan fiif
dan wer op fjouwer te stean.
De 'âlde' Greideroas sil wer wenhûs wurde.

maarteblomke1.jpg

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe