Nijtsjes wurde mei de waarme hân oerbrocht yn ús doarp, dus it is gjin 'hot news' dat Hotel Oostermeer ferkocht is. Mar it is dochs wol aardich om te witten hoe ien en oar no fierder komt mei it hotel. Willem Auping & Ria Niessen hawwe witte litten dat sy nei fiif jier ophâlde sille.
Op 30 septimber sil der noch wol in aktiviteit wêze, nammentlik in fuotbalwedstryd tusken de Eastermarder ûndernimmers en VVOJ (de fuotbalklub fan Willem).
It sympatike pear sil ferhúzje nei Grou. Dit leit net al te fier fan Eastermar, dus men kin ferwachtsje dat op heechtiidsdagen Willem en Ria noch wol ris yn ús midden sinjalearre wurde sille.

It hotel wurdt per 9 oktober oernommen troch de nije eigners; Ada Roelants fan Goutum en har freon Heymen Jansen út Elburg. It bedriuw bliuwt oant 1 januaris noch ticht omdat dizze beide fan doel
binne earst útein te setten mei in ferbouwing en modernisearing fan it hotel.
Sy wolle graach in eigen wenning yn it pân realisearje en as twadde doel wolle sy der in moaie fergaderrûmte yn meitsje. Dizze rûmte sil net allinne foar gearkomsten geskikt wêze mar bygelyks ek
foar trainingen en groepen. Ada Roelants jout op dit stuit ek trainingen en wol dat meiertiid 'yn eigen hûs' dwaan.
Letter sil ek it restaurantgedielte en de keamers oanpakt wurde. It restaurant bliuwt nei alle gedachten in ieder geval iepen foar hotelgasten. De ferbouwing kin wol in pear moanne duorje en sa lang is er foar hotelgasten beheind plak. Lykwols wol men foar 'it doarp', gearkomsten, ferienings ensfh, sa gau mooglik wer iepen wêze.

ada-heymen.jpg

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe