Hast op de kop ôf trije jier lyn iepene 'Greideroas' syn doarren oan de E.M. Beimastrjitte 32. In smûk winkeltsje dêr't men terjochte koe foar kado's, tee, sieraden en snústerijen.
Nei twa jier kaam de blommewinkel fan de buorlju frij, 'it Maarteblomke', op nr. 30.
Jeltine Wilkens naam har kâns waar en nei in drege ferbouwing is Greideroas no fjouwer of wol fiif kear sa grut wurden en binne farske blommen en planten oan it assortimint tafoege.

Image
Greideroas sit no op nûmer 30

Hjoed, op de earste dei dat de winkel iepen is, wie it drok mei nijsgjirrige Eastermarders. By de measten foel fuortendaliks de mûle iepen: sa moai!
Wat langer men omsjocht, wat mear hoekjes en kastkes mei de meast aardige en gekke dingen men ûntdekt.
"It wie fan fan 'e moarn ôf al smoardrok, ik bin net iens oan kofje takaam", fertelt in tefreden Jeltine Wilkens. "It liket wol of hiel Eastermar hjoed in blomke op tafel hawwe wol!" Hja is tige bliid mei it úteinlike resultaat fan de ferbouwing, dy 't op de flier nei hielendal troch Jeltine sels, de húshâlding en freonen útfierd is.

Image
lokwinsken foar Jeltine Wilkens


De 'Greideroas' is wer in foarbyld fan de algemiene teneur fan de lêste tiid yn it doarp: it nivo fan de winkels wurdt hieltyd heger. It binne lang gjin doarpswinkeltsjes mear mar moderne, sfearfolle saken, dy't by wize fan sprekken ek yn Snits of wêr dan ek prima passe soenen. Eastermar kin mar wer nij grutsk wêze op dizze foarsjenning.

Image
Kleur, geur en fleur

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe