Hjoed is Herbergh de Parel offisjeel iepene. It etablissemint draaide al in skoftsje proef mar no wie it dan sa fier. Yn in lytse taspraak foar de útnoege gasten fertelde Martin van der Veen hoe 't de hûshâlding harren hieltyd mear thús fielt yn Eastermar. Boargemaster Polderman, dy 't de eare krige om it hoarekabedriuw te iepenjen, spruts mei klam oer de bysûnderheid fan de aktive Eastermarder mienskip en dat dizze Pearel yn de Pearel fan de gemeente Tytsjerksteradiel prachtich oanslút by de fierdere ûntjouwings yn dit doarp, bygelyks de Komerk en de ferbouwing fan Hotel Meerzigt.
Fanselssprekkend krigen alle gasten by dizze iepening in tapaslik glês peareljende sjampanje útrikt, wylst de wite ballonpearels yntusken de loft yn fleagen.

Image
Martin van der Veen, boargemaster Polderman en Jetty van der Veen toaste op in moaie takomst yn Eastermar


Frjemde start
Noch mar kwealik iepen of Martin en Jetty van der Veen makken in aparte ûnderfining mei. In hotelgast, foar it each neat mis mei, hie it op ien fan harren auto's fersjoen en op dizze wize waard yn Eastermar foar de alderearste kear yn auto stellen. In ôfgryslik 'sneue bak'. foar dizze startende ûndernimmers.
It die bliken dat dizze hotelgast earder de selde trúk úthelle hie; in stellen buske by in hotel yn Heiloo wie hat in wike yn Eastermar stien. Mar der is ek goed nijs, de auto is werom fûn in Brussel en de man is oppakt.

Image
Offisjeel iepen!


Farsk
Sjefkok Martin van der Veen hat in hiel eigen fysje oer it itensieden. Der wurdt allinne mar gebrûk makke fan farske yngrediïnten en de menukaart is in miks fan tradisjonele Frânske- , Fryske- en Mediterrane gerjochten. Dat it alleagear goed smakket docht bliken út it feit dat it restaurant al op ferskate dagen fol sitten hat mei iters. Bysûnder foar in bedriuw dat noch mar krekt harren doarren iepene hat.

Image
De sjampanje pearelt yn de Parel


Wa't de famylje van der Veen better kinnen leare wol kin it wiidweidige ynterview yn de nijste BREEDút lêze. Of fansels in kear binnenstappe by Herbergh de Parel op it Breed!

www.herberghdeparel.nl

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe