It kin in Eastermar net op. De eardere bakkerswinkel is transformearre ta in broadsjesaak en is hjoed, op de dei fan de feemerk, foar it earst iepen. In gesellich terras yn Frânske styl makket it gehiel ôf.
Twa moai oanklaaide servearsters, Baukje en Froukje, stean de hiele simmer klear om de gasten te foarsjen fan kofje, smarde broadsjes en banketbakkersiis.
It is mar even om te realisearjen, mar ús doarp telt no mar leafst fiif terrassen, mei elts harren eigen spesjaliteiten. Eastermar mei dan ambysjes hawwe om mear toeristen te lûken, it is wol sa dat mei sa'n oanbod it doarp der ek ree foar is en it sa njonkenlytsen wier meitsje kin.
It Frânske terras ûnder it skaat fan de beamen ropt in byld op fan in fernijd Breed, kompleet mei jeu-de-boules baan en de dêrby hearende gemoedlikens.
De Wynsma's hawwe de saken goed ferdield. Sa as 'Alles ûnder ien dak' Sippie har winkel is, is dizze saak Sjouke syn ding. In echte namme is der noch net mar neffens âldbakkerij meiwurker Elly moat der wol wat aardichs op 'e ruten komme te stean (Elly wurket no by 'Alles ûnder ien dak'). Sjouke hat nei twa iepeningen in fjirtjin dagen de smaak goed te pakken en dreamt al wer fan útwreidingenplannen.

baukenfrouk.jpg

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe