"Dy blommewinkel komt der nea" tinke jo miskien en dat hawwe wy ek wolris tocht. Ûndertusken binne de slimste ûngeregeldheden ferholpen(hoopje ik…!?) en binne we dwaande mei de 'wederopbouw'. Yn it begjin fan dit jier lei Krysttiid noch in hiel ein foar ús en dan soe de winkel al lang iepen wêze tocht ik. "Mar net dus!"

"Ik bin der net sa bliid mei dat it sa dreech giet want ik woe foar de kryst iepen", hearde Gepke my sizzen en doe kaam sy yn aksje. Sy kaam mei it idee om tsjin Krysttiid wat kryststikjes en krânsen ensfh. by Jannes yn de winkel te ferkeapjen. Dit is, om samar te sizzen, in priuwke en foarboade fan 'de echte winkel', dy ’t no noch yn de knop sit en takommende maitiid iepen sil.

De tiden dat ik by Jannes yn de winkel te finen bin:
Tongersdei, freed, saterdei 13, 14 en 15 desimber
Tongersdei, freed, saterdei 20, 21 en 22 desimber

Freedtejûn 21 desimber keapjûn mei Glühwein

Jeltine Wilkens

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe