Jannes Hamstra, eigner fan de grientewinkel yn de E.M. Beimastrjitte, komt werom op syn beslút om de winkel te sluten en ris wat oars by d'ein te hawwen. Hy seit dêr sels it folgjende oer:

"Soms gean dingen oars as dat jo tinke en falle dingen ta of ôf. Yn 't koart sein, wy sille tongersdei wer iepen en mei frisse moed op de âlde foet fierder. Fan guon dingen kin men gewoanwei net skiede. En dêr wol ik it eins mar by litte."

Wy kinne der fan útgean dat de measte Eastermarders it loopke nei de winkel fan Jannes noch yn it spiergeheugen hawwe... en winskje Jannes in protte súkses ta!

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe