Sneon 1 septimber om 16.00 oere slút Hamstra's Groenten & Fruit nei 44 jierren de winkeldoar. Klanten hawwe oant dy tiid de kâns om noch ien kear de spesifike produkten fan Jannes Hamstra te keapje: de salades (dêr 't in stikmannich kearen de 'rauwkostbokaal' mei wûn is), de farske aaien, de streektsiis, de nútsjes, de eko-produkten en fansels alle griente en fruit, ferpakt yn de miljeufreonlike brune pûden.

It is in goed idee en rin saterdei noch ien kear it fertroude paad de kant fan de winkel fan de grientespesjalist út. Der binne dizze dei moaie oanbiedings en alle klanten krije út hannen fan Jannes in lytse attinsje.

Hielendal ophâlde docht Jannes Hamstra net. "Der moat wat kontakt bliuwe mei de hannel." Per 3 septimber begjint er dêrom mei 'Hamstra's Friese kleiaardappelhandel'. Fierder komt Jannes nei 1 septimber troch de tiid as taksysjauffeur.

Image

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe