Op freed 3 augustus 2007 wie it 20 jier ferlyn dat Floor en Antsje úteinsetten mei de eksploitaasje fan HerbercH 's Lands Welvaren. Folle mear jierren sille der ek net bykomme, want sa as bekend wurdt herberch/kafee/restaurant 's Lands Welvaren yn septimber/oktober ferkocht. Nei hiel wat feroaringen, oanpassingen, ferbouwingen, fernijingen en útwreidingen is it hotel 'klear' en is de útdaging der út. Tiid dus foar wat oars.
It 20-jierrich jublileum wie in moaie gelegenheid om belangstellenden en nijsgjirrigen no ris sjen te litten hoe't it hotel troch de jierren oanpast is oan de tiid en de easken fan hotelgasten fan hjoeddedei.
Der ha aardich wat minsken gebrûk makke fan de gelegenheid om it hiele pân fan boppe nei ûnderen te besjen. Foar guon in hiele ferassing! Wat in moaie keamers en safolle!
En wat siet it dêrnei hearlik mei in drankje op it terras.

Image
Kastelein en kasteleinske

Image
Antsje ûnderhâldt har mei de gasten op it terras

Image
Tiid om sittend kofje te drinken is der foar Floor net by

Image
It sit noflik op it terras

Image
Ary Schoenmakers rêdt mei kofje en petit fours

(troch de fakânsje koe dit berjocht net earder publisearre wurde, red.)

foto's: Albert Kieft

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe