It hat even duorre mar dan kriget Eastemar ek wat! Kommende wiken sil men mei de ferbouwing fan de âlde Troefmarkt oan de E.M. Beimastrjitte úteinsette. De nije winkel hat in unyk konsept; der wurdt nammentlik hiel wat ûnder beflappe. Yn de winkel komt in Spar supermerk, bôle fan bakkerij Wijnsma en fleis fan slachterij Kooistra. Fierders in kopiëer- en skuonmakkersservice. En ek it TPG-servicepunt komt wer werom. De winkel sil ûnder de tapaslike namme "Alles ûnder ien dak" troch it libben gean.
Eigner Wijnsma sil mei in grutter assortiment bôle úteinsette as no yn de hjoeddeiske winkel it gefal is.

Yn de kommende tiid sil der likernôch 200m2 oan winkelromte realisearre wurde. Nije kuolingen en stellingen, nij plafond en de gevel wurde opknapt. Wichtich yn it ferhaal is dat de winkel net in Spar útstrieling nei bûten ta kriget. Der komt in eigen logo en kleurekombinaasje.

De doeldatum om foar de Pinkster iepen te kinnen wurdt spitigernôch net helle.
Dit hat net sasear mei de ferbouwing te krijen mar wol mei de lange levertiid fan de nije kuollings. Dizze kuollings binne sa grut dat sy troch it raam nei binnen ta moatte.
8 juny om 8.00 oere is de famylje Wijnsma iepen foar eltsenien.

spar2.jpg

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe