Yn oktober die de Afûk in oprop oan supermerkûndernimmers yn Fryslân om it Frysk yn harren winkels mear sichtber te meitsjen. Meardere ûndernimmers hawwe dêrop reagearre en nei oanlieding dêrfan wurde dizze wike de earste twa Frysktalige supermerken offisjeel iepene. 'Alles ûnder ien dak' yn Eastermar en de 'Albert Heijn' yn Damwâld binne fan freed 20 desimber ôf op en top Frysk.

Om 9.30 oere sil deputearre Sander de Rouwe yn Eastermar de Fryske ferzje fan 'Alles ûnder ien dak' iepenje.

"Supermerk  'Alles under ien dak'  yn Eastermar hat in wichtige funksje yn it doarp en de regio", seit eigener Sjouke Wijnsma: "Der binne alle jierren in soad toeristen dy't Eastermar in besite bringe. De measten fan harren fine de Fryske taal tige nijsgjirrich. Spitichgenôch is it Frysk net altiten hiel sichtber. Hjir wolle wy it ferskil meitsje troch alle talige uteringen yn ús winkel dêr't wy sels stjoer oer hawwe, te ferfryskjen. Foar ús winkel is dat fan grutte mearwearde, mar ek foar us klanten út de regio en de toeristen." 

Alles under ien dak

Berjochtjouwing NOS.

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppen