Boargemaster Gebben iepenet fernijde doarpssuper

Krekt nei njoggenen seagen guon belangstellenden al op it horloazje. De iepening soe ommers om stipt 09.00 oere plakfine. Boargemaster Gebben fan Tytsjerksteradiel stie al klear. Mar wêr is ús winkelman Sjouke Wijnsma?

Mar dêr kaam de famylje Wijnsma én in tal winkelfrijwilligers, mei trije dagen renovaasjestress yn’t liif, dochs fia de achteryngong om ‘e hoeke fan de winkel foar 't ljocht en koe de iepening úteinsette.
Boargemaster Gebben joech in tal grutte kompliminten oer de gong fan saken. “Ik bin wol grut fan stal mar ik hâld fan lytsskalich”, referearjend oan de kwalik 200 fjouwerkante meter winkelrûmte. “It is in wûnder wat jimme hjir yn dit doarp en mei dizze winkel allegear foarinoar krije.” En eltsenien profitearret derfan”, doelend op it publyk dat op de iepening ôfkaam wie.

De kaai fan de foardoar - de doar dy’t der twa dagen lyn noch mei doarpost en al folslein útlei want oars koe de nije koeling der net yn - waard oerlange oan de boargemaster troch Mirte (dochter fan Tsjitske Wijnsma) en mei har beiden koe de doar foar ‘t earst wer fan ‘t slot. “Jimme binne fan herte wolkom”, rôp Sjouke Wijnsma en it publyk streamde deryn om de fernijde winkel te oanskôgjen. “No prachtich, och sa moai”, waard der sein. De earsten fleagen fuort op ‘e skerpe oanbiedings ôf wylst de Eastermarder Broekophâlders der wylst ek yn muzikaal opsicht in feestje fan makken.

Nei trije dagen renovearje, fernije en opfleurje kloppet it hert fan Eastermar wer.

Sjoch ek it artikel yn de Leeuwarder Courant.

Iepening Alles ûnder ien Dak
Mirte stiet ree mei de kaai foar de winkeldoar.

Ienening Alles ûnder ien Dak

foto's: Nynke de Jong

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe