5 jaar Studio StaalkaartIt 'digiduo' of 'meneer en mevrouw Staalkaart'. Der wurde ferskate nammen yn 't doarp brûkt. Mar feit bliuwt dat Harmke Paulides en Rienk Vlieger al fiif jier oan de wei timmerje mei Studio Staalkaart.
Beide hawwe der yn novimber in feestje fan makke troch as parse-equipe mei te dwaan oan de Beaujolais Trophy.
Mar gewoanwei binne hja alle dagen drok mei opdrachten op it mêd fan grafyske foarmjouwing, websiden, fotografy en rûtekaarten.

Wy wolle, yn 't ramt fan dit lustrum, net allinne ús relaasjes en opdrachtjouwers tanksizze foar it fertrouwen yn Studio Staalkaart, mar ek Eastermar en syn ynwenners. Want dit aardige doarp is it fûnemint fan ús bedriuw oan de E.M. Beimastrjitte 56-58.

Rienk Vlieger
Harmke Paulides

www.studiostaalkaart.nl

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe