- Kategory: Bedrijfsnieuws
- Publisearre: 28 mei 2010
Quiltershûske iepen
Op freed 28 maaie 2010 hat Helena Tadema foar it earst de doar iepen dien fan it nijste winkeltsje yn Eastermar: it Quiltershûske.
Yn de winkel is alles te keap op it mêd fan quiltmeitsjen. Dêrneist organisearret Helena regelmjittich workshops, sadat leafhawwers sels oan 'e slach kinne.
Yn de winkel binne ferskate quilstoffen te besjen en te keap. Dizze stoffen ûnderskiede har fan oare, 'gewoane', stof troch û.o. de patroanen en in spesifike maat (1.10 m. breed).
De hiele dei hat it drok west mei quiltleafhawwers en Eastermarders dy't gewoan even nijsgjirrich wiene nei de nije winkel. Foar de gelegenheid hie de famylje Tadema oan de E.M. Beimastrjitte 50 (it postkantoar fan eartiids) in tydlik terras op it hiem mei fleurige sitsjes en gesellichheid.
It Quiltershûske is iepen op tongersdeis fan 10.00-12.00 en 13.30-17.00 oere.
Elke twadde freed yn de moanne ek fan 19.00 oant 20.30 oere.