In bedriuw fan betsjutting kin hjoed-de-dei net mear sûnder in 'slogan'.
In koarte slachsin dy 't yn in pear wurden in hiele protte seit oer in bedriuw, produkt of tsjinst.
Guon slogans binne yn de rin fan de tiid tige ferneamd wurden. Tink mar oan 'Die pet past ons allemaal' (Politie) of 'Dit is de man, dit is zijn bier' (Amstel).

Brouwer&Brouwer, ús pleatslike grûnfersetbedriuw (en haadsponsor fan www.eastermar.nl) wol mear omtinken jaan foar de minsken yn harren bedriuw.
"As ús masines earne west hawwe, dan is der fakentiid in soad bard. Mar it binne de minsken dy 't foar de kwaliteit soarge hawwe. Harren ynset wurdearje wy en ús klanten tige", aldus Rienk Brouwer.

Mei dizze gedachte yn de efterholle sil tenei it roljend materieel fan BBBV rûnride mei dizze Fryske slogan:
'Us minsken meitsje it ferskil'.

bbbv-slogan1.jpg

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe