logo stifting

Op freed 13 sept. (jaja, freed de 13-de) doart de Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES) it oan en meitsje mei de jeugd fan ús doarp en de donateurs in syltocht de Mar op. De jeugdgroep sil bestean út âld-groep 8 fan De Twirre. De donateurs moatte har noch opjaan.

Foar de simmerfakânsje binne de bern fan – doe noch – groep 8 frege om har op te jaan en dat hat in tsiental dien. Sy kinne har dy freedtemiddei om 16.00 oere melde by it lisplak fan ’t skûtsje by de brêge-ëin. Se sille dan rom in oere lang ynwijd wurde yn ‘e ‘geheimen’ fan it skûtsjesilen en +/- 17.30 oere wer foet oan wâl sette.

De donateurs wurde ferwachte op ’t terras fan de Parel om 18.00 oere om dêr earst in kopke kofje/tee of oar drankje te nuttigjen. Dan kuierje hja nei it skip en sile oant in oere of acht dy jûns.
Dit alles wol ûnder de betingst fan ‘sylber waar’ fansels.

Dy donateurs kinne har opjaan by Wijbe Postma, ’t Hof 5; tel. 0512 471615 of 0622310712.
Middels e-post kin dat ek: w.postma20@chello.nl. Graach foar 10 sept. 2019.

Bestjoer SIES

Ek nijsgjirrich: