“Waar zijn de schepen” wie eartiids (yn de foarige iuw) in fêste rubryk yn ’e krante.  De thúsbliuwers koene dan neigean wêr’t de farrende famyljeleden op ‘t (see-)wetter tahâlden. Foar belangstellende Eastermarders dy’t it doarpsskûtsje folgje komt hjir in lyksoartige melding oer de farbewegingen en ferbliuwsplakken fan ‘it doarp Eastermar’.

De wiken nei de Slach om Heech hat it skip lisplak hân yn Heech. Dêr is op de Hegemer Mar ek in grut tal kearen oefene. Dêrby ha oare skûtsjes in rol spile om as tsjinstanners yn koarte wedstriden te operearjen. Datsoarte oer-en-wer wedstriden binne der ôfrûne saterdei en snein, 15/16 july,  ek hâlden op ‘e Sleattemer Mar.
By alle treningen is fearn mei sawol it ‘âlde’ as it nije túch (grutseil en ferskillende fokken). It bliuwt ôftaasten hokker seilkombinaasje it bêste foldwaan sil yn ‘e IFKS-wike. Fansels hinget soks ek fan ‘e wynkrêft en oare waarsomstannichheden ôf. “It komt op de krekte ‘trim’ oan”, meldt skipper Geale Tadema.

De kommende perioade sille der ek noch oefenwedstriden hâlden wurde op ‘e Snitser Mar en kriget ‘it doarp Eastermar’ lisplak yn ‘e omkriten fan Snits/Terherne.

 logo stifting

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe