Mei hast de folsleine bemanning hat skipper Geale Tadema de saterdeitemoarn foar de peaskedagen brûkt om ‘it doarp Eastermar’ farklear te krijen foar it kommende simmerskoft. Dat moast eins ek wol, want op 14 en 15 april – dus oer krapoan fjirtjin dagen – wurdt der al syld by Langwar. Mar gjin noed, alle nedige wurksumheden ferrûnen dy moarns neffens plan. Dat it sa goed útpakte wie te tankjen oan de ynset fan meardere partijen. Sa brocht sjauffeur Jan Schotanus fan de Combex mei in spesjale frachtwein de wedstriidmêst fan ‘e Gerdyk nei Eastermar. Dat is in hiel ûndernimmen, want dy ‘peal’ mjit 19 meter! It is dan ek te begripen dat by sa’n transport de dochs wat krappe Snakkerbuorren in skoftsje blokkeard waard.

Dêr kaam noch by dat foar it fuortheljen fan ‘e ‘wintermêst’ fan it skûtsje en it ynstallearjen fan ‘e oanfierde mêst de ynset fan in kraan nedich is. Dy wie der, mei tank oan it bedriuw 'Brouwer en Brouwer grondverzet'. Hy waard mei feardige hân betsjinne troch Stefan Brouwer. It wie bytiden millimeterwurk en der moast mei grutte krektens opereard wurde. Gelokkich wie der ek tiid foar in bakje kofje of tee mei broadsjes, fersoarge troch ‘moeder-overste’ Sees Tadema. De omstanners ha mei bewûndering sjoen nei de útfiering fan dit gehiel. De ploech wie moarns om sawat sân oere begûn en slagge deryn om tsjin tolven de hiele put klear te hawwen. It iennige wat der noch barre moat, is it pleatsen fan ‘e beide swurden.

Petsje ôf foar de ynset fan alle wurkers!

20180331 094834

20180331 094929

20180331 095442

 

20180331 095536

 

20180331 101033

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe