Under de nammen ‘Wâldsilers I en II” hat in part fan ‘e doarpsskûtsjebemanning yn it ôfrûne wykein (11 en 12 nov.) it sylseizoen ôfsletten. Dat barde net mei skûtsjes mar yn ‘Valken’ en troch by Langwar diel te nimmen oan ‘e Coldrace. Yn eltse ‘Valk’ wie plak foar 4 silers (m/f) en der dienen 34 tiims, wêrby ek Dútse en Belgyske, mei oan dit sylevenemint.

Ut de bemanning fan ‘it doarp Eastermar’ wienen Hendrik Wietze de Haan, Jan Nijhuis, Rene Zweering, Geale Tadema, Hendrik Tadema en Sjoukje Tadema oanwêzich. Mei Coen Busscher (Lytse Lies) en Egbert Schouwstra (It doarp Grou) koenen dizze ‘Wâldsilers’ twa tiims foarmje. Dat de ‘flow’ fan ‘e IFKS-wedstriden noch yn dizze twa ploegen siet, waard dúdlik by de einútslach: in fertsjinstlik 4-de en 5-de plak.

Op dizze wize koenen de Ea-ers dochs noch mei in foldien gefoel it syljier 2017 ôfslute, namstemear omdat de ‘offisjele’ einwedstriid foar skûtsjes – de Roekoepôlerace – troch it minne waar net trochgean koe.

23456298 932007390280746 7327837694850975105 o

23405714 699530803583405 1915543808412543687 o

23406022 699673796902439 1458434966233456759 o

23509192 699674050235747 5209757130613536329 o

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe