De bemanning fan ‘it doarp Eastermar’ moast it ôfrûne wykein goed oan ‘e bak. Op freed sile mei jeugd en donateurs en saterdei en snein dertsjinoan by ‘Skûtsjesilen yn ‘e Wâlden’. Dat wettersportevenemint hie yn ’t ferline net altiten it bêste sylwaar, mar dit jier is it perfekt ferrûn. Der waarden mar leafst njoggen wedstriden yn twa dagen fersyld. It einresultaat foar ús doarpsskûtsje wie in tredde plak.

Op de Burgumer Mar hie de wedstriidlieding in moaie baan útset sadat de tsien doelnimmende skûtsjeskippers yn sprintwedstriden (= starte, yn in krúsrak nei de boppetonne, foar de wyn nei de lege tonne en dan finishje op sawat itselde plak as de start) al har kunde en feardigens nedich hienen. Dat slagge Sikke Heerschop mei ‘De Wylde Wytse’ it bêst, want hy waard fjouwer kear earst.

Skipper Geale Tadema wie yn ‘e wedstriden op saterdei ûngelokkich mei twa falske starts en moast dus 20 punten byskriuwe.

De útdrukking ‘lêst bêst’ gie foar de Eastermarders op, want yn de trije wedstriden op sneintemoarn waarden hja twa kear earste en ien kear tredde. Dêr wie in moai ploechje taskôgers op ‘e dyk by ’t swimplak tsjûge fan.

Oer dizze suksesfolle edysje moat noch sein wurde dat de organisaasje in komplimint fertsjinnet. Dat komplimint jildt net allinnich foar wat der op ’t wetter plakfûn, mar ek yn ’t doarp sels. Prima lisplakken regele, in heldere útlis op ‘e palavers yn ’t Breed en De Parel en in sfearfolle priisútrikking op ús doarpsplein mei in echte skûtsjemiss.

IMG 2387

Mear foto's:

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe