Se wienen der allegearre freedtemiddei om 16.00 oere! De âld-achtstegroepers fan ‘De Balsemyn’ en ‘De Bolster’ dy’t har foar de simmerfakânsje opjûn hienen om mei ús doarpsskûtsje de Mar op. Utswaaid troch in heit en in pear memmen by it ‘brêge-ein’ setten hja ôf. Tefoaren hie skipper Geale Tadema har wolkom hjitten en ferteld dat it de bedoeling wie dat hja de bemanningsleden byspringe soenen. Hy ferdielde de 11 adspirantsilers yn groepkes: twa twatallen by de swurden, trije helpers by de grutskoat, trije op ’t foardek en ien helper by it helmhout. Tidens de tocht koe der wiksele wurde.

Dat it net allegear ‘samar’ giet, waard de jongelju dúdlik doe’t it grutseil mei help fan ‘e lier hesen wurde moast. De mêst is sa’n 19 meter en it seil sil dus ûngefear 15 meter omheech moatte. Draaiend oan ‘e lier fernaam de jonge ‘liereman’ dat er dy ôfstân lang net helle: nei 3 meter mocht de folgjende it wol oernimme…

Underweis waard der in blikje drinken nuttige en nei in oere silen mei in moaie wyn – der stie in stevige 4 Bft. oer de Mar – waard de Lits wer ynfearn. De organisaasje fan dit syltochtsje traktearde de bern noch op in Ea-pet en in Ea-kaaihinger. De ploech sette mei in foldien gefoel op hûs oan. 

Skipper en bemanning wienen noch net klear, want hja wienen dy jûns noch gasthearen foar in ploech Ea-donateurs. Dit selskip bestie út 16 persoanen en sylde mei krekt wat minder wyn (krêft 3 Bft.) oardeloere op ‘e Mar. Yn it lette ljocht fan 'e jûn en mei it wetter bytiden yn ‘e warring preaunen hja ek de karakteristike sfear fan it skûtsjesilen. In ûnderfining om net te ferjitten.

Utswaaiende âlden

Utswaaiende âlden

In stevich wyntsje

In stevich wyntsje

In slokje ûnderweis

In slokje ûnderweis

Mei EA pet nei hûs

Mei EA-pet nei hûs

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe