Om’t der krekt gjin poadiumplak helle waard wie der op snein 27 augustus in sobere festiviteit by de oankomst fan ‘ús’ skûtsje nei de IFKS. Mar dêrom net minder feestlik!

De IFKS-resultaten fan de EA-bemanning waarden fierd mei in ‘Neipetear’ op it terras fan ‘de Parel’. It wjerfarren fan ‘e ôfrûne wike waard besprutsen en Stiftingsfoarsitter en skipper swilen de sylwike nei.
Fansels waard ek wat sein oer de heechspande ferwachtings by alle skûtsjefreonen op dy lêste syldei by De Lemmer. Skipper Geale ferwurde it sa: “Wy binne net fan ‘t poadium dondere, want wy ha der net op stien”. Dat der wat teloarstelling wie, fûn er te begripen, mar oan ‘e positive kant sit foaral de wittenskip dat der hiel goed syld is. De sfear oan board bleau prima en al mei al is in fjirde plak in resultaat dat besjen lije kin.

Nei de befêstiging fan dizze konstatearringen mei applaus fan de oanwêzige bemanningsleden, eigenaren, Stiftingsbestjoerders en neiste famylje stie in ‘eenvoudige, doch voedzame maaltijd’ (frij nei Ollie B. Bommel) klear.
Konklúzje oer ’t generaal: in bysûndere, nijsgjirrige en aparte sylwike; en… de perspektiven foar 2018 binne geunstich!

Neipetear Breed

Neipetear Parel

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe