Juster op ‘e Tsjûkemar in poadiumplak en no yn ‘e Lemster Baai wer as tredde einige. De Ea-ploech hat hjoed de taskôgers wer smulle litten!

De supporters op ‘e dyk moasten wol in lytse teloarstelling ferwurkje. Omdat ús doarpsskûtsje daliks nei de finish nei de sjueryboat dirigeard waard foar in kontrôlebeurt, koe skipper Geale net by it publyk lâns om in betankrûntsje foar it Eastermarder publyk te meitsjen. Grut wie it entûsjasme oan board fan it folchskip ‘De Gulden Belofte’ doe’t de treddepriiswinner mei de Fryske flagge yn top oanlei. De sponsordei fan SIES koe net mear stikken!

Dat der wol wat op ’t spul stie, die bliken by de start fan ‘e grutte A. It begûn ntl. mei in massale falske start. Dus moast der op ‘e nij start wurde en doe wappere de prosedurele ‘Japanner’ op it startskip: elk skûtsje dat by dy twadde start te gau oer de startlijn kaam soe daliks diskwalifisearre wurde… Slachtoffer waard Sikke Heerschop mei syn ‘Wylde Wytse’. Krekt wat te wyld dus.

Dy twadde start pakte foar ‘it doarp Eastermar’ goed út. Us jonges-en-famkes kamen as fjirde om de boppeste tonne. Yn it krúsrak dêrhinne sylde klassemintslieder Tony Brundel (‘Lytse Lies’) sadanich dat er meardere skippen foargean litte moast. Doe wie al te besjen dat hy syn koplopersplak opjaan moast.
De folgjende rûtes helle skipper Geale Tadema – mei hjoed adviseur Tammo Oosterhof oan board – it skûtsje fan ‘e Makkumers noch yn en koe sa as tredde de einstreek oer. Hy moast Merijn Olsthoorn (‘Emanuel’) en Jeroen de Vos (‘Eelkje II’) foargean litte.

It resultaat fan dizze middei wie dat sponsors – dy’t op ’t folchskip saakkundige foarljochting oer it wedstriidferrin fan Oebele Brouwer krigen – en supporters in tige spannend algemien klassemint ûnder eagen krigen. De ôfstân tusken de earste fjouwer is mar 1,2 punt. Om krekt te wêzen:

  1. Merijn Olsthoorn ‘Emanuel’ De Lemmer 16.8 pt.
    2. Arend Wisse de Boer ‘Drie Gebroeders’ De Gerdyk 17,9 pt.
    3. Jaap Hofstee ‘It Swarte Wief’ Tynje 17,9 pt.
    4. Geale Tadema ‘it doarp Eastermar’ Eastermar 18 pt.

Alle reden dus om saterdeitemiddei manmachtich nei De Lemmer te kommen mei doarpsflaggen en Ea-parafernalia. Want… miskien sit der in kampioenskip yn.

IFKS dei 6

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe