In poadiumplak! 

Nei in geweldige silerij op ‘e Tsjûkemar kaam ‘it doarp Eastermar’ as tredde oer de einstreek. In geweldich resultaat foar skipper Geale en syn bemanning.
En net allinnich foar ús silers op it wetter reden ta entûsjasme, ek de hiele kloft Ea-supporters op ‘e wâl by it gemaal fierden it beheljen fan dit poadiumplak fleurich mei.
Dy stipe fan de dyk ôf die de skûtsjebemanning wol wat en jout oan dat sok meilibjen osa wurdearre wurdt.

Foardat it los soe mei dizze edysje wie it net wis hoe’t de wyn him gedrage soe en moast der goed oertocht wurde hokker slaggen makke wurde moasten. Dêrby kaam noch dat de skûtsjes fan ‘e ‘lytse-a-klasse’ op in oar part fan ‘e mar sile moast en dat soe ôfliede kinne.
Achterôf besjoen hat it skôgjen fan dizze omstannichheden goed west, want de start fan dizze wedstriid wie daliks al super: goed fuort by it startskot en as twadde om de boppeste tonne yn ‘e earste rûte. Dat twadde plak waard lykwols yn it healewynse rek ferovere troch ‘De Lytse Lies’ fan skipper Tony Brundel en dus moast ús doarpsskûtsje mei in tredde plak genoegen nimme. Dat plak koe de hiele fierdere wedstriid fêsthâlden wurde. Yn ‘e lêste twa rûtes like it as soe Arend Wisse de Boer mei syn ‘Drie Gebroeders’ noch in bedriging foarmje, mar dat koe opkeard wurde troch yn it rek nei de finish noch in ferdigeningsslach te meitsjen.

Troch dit resultaat is it boppe-yn it algemien klassemint wakker spannend. Moarn, as de Stifting It Eastermarder Skûtsje’ (SIES) har sponsors op ‘t folchskip ‘De Gulden Belofte’ ûntfangt, kin it wat dy klassearring oangiet alle kanten út. Of sa’t ien fan ‘e bemanningsleden sei: “Wy kinne noch kampioen wurde, mar ek samar nûmer 10.”
De stipe fan ‘e supporters hat hjoed holpen, dus freed en saterdei allegearre nei De Lemmer!

IFKS 2017 dei 5

    Op nei it tredde plak!

IFKS dei 5 2

    Supporters út de skroeven

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe