Ta grutte opluchting fan it hiele IFKS-fermidden koe hjoed op normale wize in wedstriiddei ôfwurke wurde. Op ‘e Sleattemer Mar koenen alle klassen op de plande tiid starte. Miskien wie dat foar ús ploech te ûngewoan wurden, want de Ea-ers einigen op ’t alfde plak en hellen dêrmei de minste skoare oant no. Komt de A-klasse dizze wike noch oan mear as fjouwer wedstriden ta, dan kin dit resultaat miskien as ‘ôflûker’ brûkt wurde.

Dat it sa gean soe, hie net ien tocht by it begjin fan ‘e wedstriid: in prima start en in goed earste krúsrak nei de boppetonne joech hoop op in prima resultaat. Us doarpsskûtsje kaam yn dy earste rûte as fjirde om ‘e boppetonnen fan de hin-en-wer-baan. Yn it foardewynse rak nei de ‘gate’ sylden lykwols samar in tal konkurrinten ‘oer’ de Ea hinne.

Yn de folgjende rûtes moasten de supporters op ‘e wâl en it folchskip konstatearje dat it foar skipper Geale Tadema en syn bemanning dreech wie om yn ‘e foarein fan it fjild te bliuwen. De passaazjes fan ‘e boppetonnen op in njoggende, achtste en sânde plak wienen dêr it bewiis fan.
In besykjen om yn it lêste krúsrak rjochting finish noch in pear plakken te winnen, pakte ferkeard út en sa kamen ‘uzes’ as nû. 11 oer de einstreek.

Neifraach leart dat de sfear net ûnder dit resultaat te lijen hat. Al is it spitich dat it tradisjonele ôfsjitten fan it Sleattemer bolwurkkanon hjoed net foar Geale weilein wie.
No mei frisse moed moarn de Tsjûkemar by Ychtenbrêge feroverje.
En in tip foar de supporter dy’t de silerij fan ‘e wâl ôf folgje wol: it spektakel is it bêst te besjen op de dyk by it eardere Gemaal fan Ychten (‘Gemaal van Echten’/galerie).

skutsjeheeg

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe