Oan it begjin fan ‘e middei tocht eltsenien: dit wurdt neat mei de silerij.

Moarns starte ommers de C-klasse net, de B-klassers starten wol mar dy wedstriid waard ôfbrutsen en ek de lytse A-klasse sylde net. Wêrom net? Te min wyn!
Mei de minút waard de benaudens grutter dat de silerij fan ‘e A-klasse middeis ek ferwurde soe ta in driuwpartij.

Om’t de wyn úteinlik dochs oanhelle doarst de organisearjende Starumse kommisje it oan en begjin om kertier foar fjouweren – sa’n oardeloere letter as pland – mei de startproseduere en lit de16 skippen starte. De rûte wie yndield as in op-en-del-baan mei oan ‘e hege kant in boppeboei mei ‘spreader’ en ûnderyn in ‘gate’.
Yn ‘e earste rûte kaam ‘it doarp Eastermar’ as achtste om de boppetonne. In rûte letter wie it in njoggende plak. De folgjende trochkomsten wienen twa kear in achtste posysje en doe sylden de Eastermarders samar nei in sânde plak. Dêrby lieten se renommearre nammen as Siebo Zijsling, Froukje Osinga-Meijer, Klaas Kuperus en Sikke Heerschop achter har.

By de finish like it krekt of soe der noch in bettere klassearring ynsitte, mar dan soe it risiko op in protest sa grut wurde dat der mar keazen waard foar wissichheid. Mei in sânde plak yn dizze earste wedstriid koenen bemanning en supporters tefreden wêze. De winner hjoed wie de ‘Emanuel’ mei skipper Merijn Olsthoorn.

IFKS dei 2
tefreden bemanning leit oan by folchskip

Byldferslach fan de dyk ôf makke.

 

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe