Op it ôfblazen fan ‘e IFKS-silerij foar de A-klasse by Hylpen kamen ferskillende
reaksjes. De measte wienen it wol iens mei it beslút omdat it om de starttiid
hinne spûke op ‘e Iselmar. Oaren mienden dat dy beslissing eins te gau naam
waard.
Foar de bemanning fan ‘it doarp Eastermar’ kaam er lykwols moai op ‘e tiid: hja
stienen op ’t punt om it skûtsje los te meitsjen fan it folchskip yn de haven fan
Starum en nei ’t wedstriidwetter te farren. “It hoecht net mear”, wie it boadskip
op ‘e IFKS-app.
De bemanning hat it skûtsje – nei't de teloarstelling fan it net trochgean fan ‘e
wedstriid ferwurke wie – nei syn wykeinlisplak dirigearre en hat noflik in pear
bakjes ‘dien’ yn it ûnderdeks ferbliuw oan board fan folchskip ‘De Gulden
Belofte’. En dat wie in goed plak want bûtendoar wie ’t wyt fan ’t reinwetter.
Moandei by Starum hoopje op bettere omstannichheden.

IFKS dei 1

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe