Kommende saterdei giet it los!
Dan wurdt de earste wedstriid fan ‘e Iepen Fryske Kampioenskippen Skûtsjesilen (IFKS) hâlden by Hylpen. Ut de rûnten fan ús doarpsskûtsje wurdt heard dat
skipper en bemanning der fisyk en mentaal op klear binne. Nei Hylpen folgje oare wike noch seis wedstriden: Starum (moandei), Heech (tiisdei), Sleat (woansdei), Ychtenbrêge (tongersdei) en op ‘e Lemmer twa kear (freed en saterdei). Wy binne osa benijd hoe’t ús ploech it derfan ôfbringt…
Wy hoopje op in moaie sylwike!
Der binne grif Eastermarders dy’t de wedstriden bywenje wolle. Dy kinne dat fansels fan wâl of dyk ôf besjen. Doarpsgenoaten mei in boat farre nei it wedstriidwetter en folgje de wedstriden fan wat tichterby.

skutsjeheeg
Der is lykwols ek gelegenheid om op it folchskip de aksjes fan skipper Geale Tadema c.s. te besjen. Dat folchskip is ‘De Gulden Belofte’ fan skipper Bertil Vermeulen en dêr wurde jo tsjin in lytse fergoeding let en set. Dat is op alle dagen mooglik, útsein de tongersdeis (Ychtenbrêge) en freeds (Lemmer 1). By Ychtenbrêge kin it net omdat it folchskip net ûnder de sneldyk troch kin om op ‘e Tsjûkemar te kommen en de freeds is ‘De Gulden Belofte’ besteld foar de haad- en subsponsors fan ‘e Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES).  
Wa't graach sa’n dei op ’t folchskip meimeitsje wol, kin de jûn foardat men komme wol, skilje mei Hindrik Tadema. Dy is te berikken op 06 25530624.
Hy bringt de belanghawwenden dan op ‘e hichte fan opstaptiid en –plak.

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe