No’t it doarpsskûtsje, mei help fan ljochtmaster Oebele Brouwer, yn ‘e tsjustere oerkes wer moai yn ‘e winterferljochting stiet, is it wer tiid foar in oare skûtsje-aktiviteit: de tradisjonele winter-wynaksje.

De kommende wiken sille bestjoersleden fan ‘e Stifting It Eastermarder Skûtsje, bemanningsleden en frijwilligers wer by de streek fanwege de jierlikse wynaksje. Om't de wetjouwing dat as eask stelt bart dat wer ûnder de freonlike flagge fan ús doarpssuper ‘Alles ûnder ien dak’.
De bestellingopname en -ôflevering fynt plak tusken 5 desimber en de krystdagen.

Der kin wer keazen wurde út trije soarten wyn: reade, wite en rosee. De prizen binne, lykas de foarige jierren € 7,50 de flesse en in doaze mei 6 flessen kostet .€ 40,00. Yn sa’n doaze is in ‘miks’ (bgl. 2 read, 2 wyt en 2 rosee) fansels ek mooglik.
Sa hoopje wy by te dragen oan in fleurige fiering fan ‘e kommende feestdagen.
En hoopje wy dat jim de Stichting It Eastermarder Skûtsje mei jim oankeap stypje.

Ut namme fan S.I.E.S.,
Wijbe Postma.

DSCF0050

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe