Al langer as in wike kinne de Eastermarders en oare passanten fan ús doarp jûns wer genietsje fan ‘e winterferljochting fan ’t skûtsje. Bestjoersleden fan ‘e Stifting It Eastermarder Skûtsje ha sa’n oardel wike ferlyn, ûnder de saakkundige lieding fan ljochtmaster Oebele Brouwer, de lampkes wer yn ’t skip hongen. Dizze ferljochting, mei mooglik makke troch ynstallaasjebedriuw DRS, is al fan fier te sjen en jout in ekstra diminsje oan it doarpsbyld yn dizze tsjustere dagen.
It kostet in pear sinten, mar dan ha je ek wat...

Dy lêste sin bringt my op in oare aktiviteit fan SIES, bemanning en eigenaren, ntl. de jierlikse skûtsjewynaksje. Want wat is ‘It doarp Eastermar’ sûnder wyn? Mei de opbringst fan eardere aksjes is al hiel wat bekostige en ek dit jier rekkenje wy wer op ús doarpsgenoaten.

Hiel bliid wienen wy dit jier wer mei de meiwurking fan ús doarpssuper ‘Alles ûnder ien dak’. Sjouke en Sippie ha wer – as gefolch fan oanskerpe wetjouwing – romhertich tastien dat de aksje plakfynt ûnder de flagge fan harren bedriuw. Klasse!

Ek binne wy der osa wiis mei dat de soarten wyn (read, wyt en rosee) gelyk binne oan ferline jier, want doe krigen wy in soad positive lûden te hearren oer de kwaliteit. Dus ek dit jier biologyske wyn út Spanje (de reade en wite) en Súd-Afrika (de rosee) mei swietlûdige nammen as Tinto Timpranillo, Blanco Arien en Rosee Z.A.
En... de prizen bliuwe ek gelyk t.w. € 7,50 de flesse en in doaze mei 6 flessen, kombinaasjes binne mooglik, foar € 40,00.
In Koopje.

Kryst Skûtsjewyn

SIES-minsken, bemanningsleden en frijwilligers komme fan begjin desimber ôf by de doarren lâns om jo bestelling op te nimmen en dy wat letter ôf te leverjen. En dat alles mei de ynstek dat jo net op in drûchje hoege te sitten en wy de kop boppe wetter hâlde kinne.
Tsjoch!

Ut namme fan SIES,
Wijbe Postma

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe