It stiftingsbestjoer fan ús doarpsskûtsje is sa wiis as in protter: Brouwer & Brouwer ha oanjûn noch trije jier de rol fan haadsponsor ferfolje te wollen. De hearen Rienk en Albert Brouwer ha dat de ôfrûne wike stal jûn troch it tekenjen fan in nij kontrakt dat rint oant mids 2019 (sjoch foto). Rienk en Albert ha dat dien mei deselde motivaasje as trije jier lyn: “Wy fine dat ferbining tusken ús bedriuw en ‘it doarp Eastermar’ tige sinfol is. Fanâlds wie in skûtsje ít ferfiermiddel om grûn fan it iene nei it oare plak te bringen en de basis fan ús aktiviteiten leit ek yn it grûnferset. Fierder fine wy it fan belang dat wy as Eastermarder bedriuw fernimme litte dat wy it promoaten fan ús doarp in goede saak fine. De ôfrûne trije jier ha ús goed foldien en wat dat oangiet is der gjin beheining om nochris sa’n perioade troch te gean."

De Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES) wie by de tekensessy fertsjintwurdige troch de foarsitter, dy’t ek de foto makke. Hy spruts syn wurdearring út foar de positive ynstek fan B & B.

Fierder wiist hy hjirby de lêzer fan dit stikje derop dat it hiele skala oan sponsors te finen is op dizze hiemside ûnder de ‘knop’ ferienings en dan St. It Eastermarder Skûtsje oanklikke.

Wijbe Postma (foarsitter)

BB skutsje

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe