Guon doarpsgenoaten wie it al opfallen: it lege plak by de brêge-ein. It skûtsje leit der net.
Op 4 en 5 juny (saterdei en snein) wurdt nmtl. op ‘e Hegemer Mar de ‘Slach om Heech’ wer fersyld en dêr docht ‘it doarp Eastermar’ ek oan mei.

Skip, bemanning en stifting binne wer wat bekaam fan ‘e skrik dy’t har oerfoel doe’t it skûtsje omsloech by ‘Lemmer Ahoy’ (Himelfeartswykein). De skea bleau beheind ta in wegerjende oanhingmotor, sonken mêstlûk en ôfknapte mêsttop mei wynfaan. De kapotte motor wie ek de oarsaak dat it skûtsje no pas nei Heech farre koe; de bedoeling wie in wike earder.

Alles meimekoar foelen de konsekwinsjes fan it ‘Lemmer-Ahoy-debâkle’ wol ta en binne skipper en bemanning wer fol moed oan ’t oefenjen om by de kommende Hegemer silerij sa goed mooglik foar ’t ljocht te kommen.

SSlach om Heeg

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe