klaas jansma

Freed 7 april is der sawol yn ‘Meerzigt’ as yn ‘De Parel’ omtinken jûn oan it 10-jierrrich bestean fan ‘e Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES).

Op ‘e neimiddei waarden sa’n 60 (âld-)bemanningsleden, sponsors, eigenaren en frijwilligers yn ‘Meerzigt’ ûntfongen troch it Stiftingsbestjoer. De foarsitter seach yn syn wolkomstwurd werom op de hichte- en djiptepunten fan it ôfrûne desennium. Der waard stilstien by de prestaasjes fan ‘e silers en in momint fan oertinking hâlden foar de twa yn dy perioade ferstoarne skûtsjefreonen: Sietze Dijkstra en Rob Krimpenfort. It selskip gie doe nei it lisplak fan ’t skûtsje op ‘e brêge-ein. Dêr waard Jan Nijhuis efkes yn it sintsje set fanwege syn grutte ynset foar ‘it doarp Eastermar’ en om’t er in nij helmhout makke hie. Dat helmhout mocht Jan sels offisjeel yn gebrûk nimme troch de feestfersiering te ferwiderjen.
Yn ‘Meerzigt’ koe men dêrnei genietsje fan in troch ‘Acces-catering’ treflik fersoarge buffet. Sjoch hjir it byldferslach fan dizze middei

Tsjin healwei achten sette de ploech nei ’t Breed om yn ‘De Parel’ in donateursjûn by te wenjen. De taap dêre wie al aardich befolke mei skûtsjedonateurs. Skipper Geale Tadema liet middels in fotosearje de oanwêzigen genietsje fan ‘e ombou fan wenark ta skûtsje. Ek hie er foar dejingen dy’t yn de ôfrûne tsien jier in hiel soad foar it doarpsskûtsje betsjut ha in prachtige ynliste aksjefoto fan ‘t wedstriidskip.
Nei Geales tankwurden kaam skûtsjehistoarikus, -ferslachjouwer en –ferhaleferteller Klaas Jansma oan it wurd. Hy fermakke syn gehoar op syn eigen karakteristike wize en hie syn taharkers alhiel yn ‘e besnijïng.

De jûn waard muzikaal ôfsletten mei it duo Pieter & Michiel dat him de blierren op ‘e fingers spile en in grut part fan ‘e skûtsje-adepten oan ’t dûnsjen krige.
De SIES kin weromsjen op in tige slagge jubileumfiering.

 

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe