Stifting it Eastermarder Skûtsje

klaas jansma

Freed 7 april is der sawol yn ‘Meerzigt’ as yn ‘De Parel’ omtinken jûn oan it 10-jierrrich bestean fan ‘e Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES).

Op ‘e neimiddei waarden sa’n 60 (âld-)bemanningsleden, sponsors, eigenaren en frijwilligers yn ‘Meerzigt’ ûntfongen troch it Stiftingsbestjoer. De foarsitter seach yn syn wolkomstwurd werom op de hichte- en djiptepunten fan it ôfrûne desennium. Der waard stilstien by de prestaasjes fan ‘e silers en in momint fan oertinking hâlden foar de twa yn dy perioade ferstoarne skûtsjefreonen: Sietze Dijkstra en Rob Krimpenfort. It selskip gie doe nei it lisplak fan ’t skûtsje op ‘e brêge-ein. Dêr waard Jan Nijhuis efkes yn it sintsje set fanwege syn grutte ynset foar ‘it doarp Eastermar’ en om’t er in nij helmhout makke hie. Dat helmhout mocht Jan sels offisjeel yn gebrûk nimme troch de feestfersiering te ferwiderjen.
Yn ‘Meerzigt’ koe men dêrnei genietsje fan in troch ‘Acces-catering’ treflik fersoarge buffet. Sjoch hjir it byldferslach fan dizze middei

Tsjin healwei achten sette de ploech nei ’t Breed om yn ‘De Parel’ in donateursjûn by te wenjen. De taap dêre wie al aardich befolke mei skûtsjedonateurs. Skipper Geale Tadema liet middels in fotosearje de oanwêzigen genietsje fan ‘e ombou fan wenark ta skûtsje. Ek hie er foar dejingen dy’t yn de ôfrûne tsien jier in hiel soad foar it doarpsskûtsje betsjut ha in prachtige ynliste aksjefoto fan ‘t wedstriidskip.
Nei Geales tankwurden kaam skûtsjehistoarikus, -ferslachjouwer en –ferhaleferteller Klaas Jansma oan it wurd. Hy fermakke syn gehoar op syn eigen karakteristike wize en hie syn taharkers alhiel yn ‘e besnijïng.

De jûn waard muzikaal ôfsletten mei it duo Pieter & Michiel dat him de blierren op ‘e fingers spile en in grut part fan ‘e skûtsje-adepten oan ’t dûnsjen krige.
De SIES kin weromsjen op in tige slagge jubileumfiering.

 

Tusken Sinterklaas en Kryst ha bemanningsleden, eigenaren en bestjoersleden yn ‘t spier west foar de wynaksje t.b.f. ús doarpsskûtsje.
By it neiswyljen fan de aksje hat bliken dien dat in pear strjitten yn ‘e buorren (Snakkerbuorren en ‘t Wâltsje) net oan bar kaam binne.
De bewenners fan dy buerten ha har bestelling dus ek net dwaan kinnen.
Fierder is ek nei foaren kaam dat der ferskeidene minsken yn oare strjitten/buerten net thús wienen om har wynwinsken troch te jaan.
It stiftingsbestjoer wol dyselden dy’t dochs noch ferlet ha fan in flesse reade of wite skûtsjewyn yn ‘e gelegenheid stelle om har te opponearjen.
Dat kin troch kontakt op te nimmen mei Wijbe Postma of Evert Lijzenga, resp. e-mail adressen en

It stiftingsbestjoer wol yn dit berjocht ek noch in kear har grutte weardearring útsprekke oan Sjouke en Sippie Wijnsma fan ús doarpssuper
‘Alles ûnder ien dak’. Har reewilligens om dit jier oan de wynaksje mei te wurkjen hat bydroegen oan it sukses fan ‘e aksje.
 
Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES)

logo-stifting

 

Alwer moast ljochtmaster Oebele Brouwer it beslút nimme om de karakteristyk ferljochte kontoeren fan ‘it doarp Eastermar’ op swart te setten.
It stoarmwaar, of sa’t Piet Paulusma it omskreau, ‘in rûtsbaan fan depresjes’ makket dat nedich.  Ofrûne wykein moast earst al manmachtich de loswaaide gaffelbek wer tsjin ‘e mêst set wurde. Doe die ek bliken dat der troch it giseljen fan ‘e pripkabel mei de lampkes in fiks tal pitten sneuvele wie.
Dat sil meikoarten ek ferholpen wurde. Alles meimekoar wierret it de ljochtmaster dizze perioade net mei. Hy meldt dat er sa lang as er dit no dien hat noch nea meimakke hat dat sa faak mei safolle wyn rekken hâlden wurde moast. De ferwachting is dat foar it kommend wykein de ferljochting wer oan kin.
skutsje verlichting
 

logo-SIES

Yn dizze kategory wurde artikels publisearre fan stifting 'it Eastermarder Skûtsje en oer it Skûtsjesilen yn 'e Wâlden (jierlyks weromkommend evenemint).

De Ea in actieIn deze artikelen worden berichten gepubliceerd betreffende de wedstrijdresultaten van de 'Ea'.

Ons twitteraccount is @Skutsje_Ea
En we zitten ook op Facebook.

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

Nei boppe