Saterdei 2 septimber wie yn Eastermar de 17e edysje fan strjit- en muzykfestival ‘Easterbarren’. Wylst der yn Drachten en Rottefalle noch hoasbuien wienen yn de rin fan’e middei, foelen der yn Eastermar amper in pear drippen. Dat spile de organisaasje geweldich yn’e kaart fansels.

Om 14.30 oere wie de iepening mei de Fryske Troubadours: Gurbe Douwstra, Piter Wilkens, Griet Wiersma en Anneke Douma, yn gearwurking mei it Eastermarder koar “Koardinaasje”. Doarpsplein it Breed stie doe stampende fol. Tusken 15.00 en 19.00 oere waaiere dat publyk allegear út oer de smûke doarpskearn fan Eastermar dêr’t op 12 poadia in grut ferskaat oan artysten ‘acte de présence’ joech. Bands, solisten, dûns, exposysjes fan skilders en in natoer-fotograaf. Minsken koene in slachje de Burgumer Mar op mei it Eastermarder skûtsje. Of jo koene skûtsje “de Rot” út Rottefalle, dat oan it Wâltjse oanmeard lei, besjen en ferhalen dêroer hearre. Der wie in Virtual Reality Room …

Fan 19.00 oere ôf konsintrearre it gehiel him op it haadpoadium op it Breed. Dêr soargen efter elkoar oan: de troubadours, de band Vreemdt út Sumar, Compromise út eigen doarp, en ‘húsband’ Lechery dat it oant in oere as alve, tolve noch hiel gesellich wie yn Eastermar. Tsjin’e ein fan de jûn wie der omtinken foar it ôfskie fan Jannes Hamstra as foarsitter fan de Stifting Easterbarren. Mar leafst 17 jier hat hy mei de karre lutsen. Terjochte dan ek dat it manmachtige publyk him tasong: “Jannes bedankt ! Jannes bedankt !!”

St. Easterbarren

Easterbarren 2september2017
Kloften minsken op it Breed by de iepeningsact mei Gurbe, Piter, Griet en Anneke en mei Koardinaasje

 

Kontakt mei Eastermar.nl

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe